Grutte recyclingkampanje Omrin
1 september 2014
Grutte recyclingkampanje Omrin
Offalferwurker Omrin wol de kommende jierren trochgroeie nei it recycljen fan 75 prosint fan al it ôffal. It bedriuw is dêrfoar úteinset mei in foarljochtingskampanje om it skieden fan ôffal by boargers fierder te ferbetterjen. Dat seit Omrin-direkteur John Vernooij.
Omrin sit op dit stuit yn Fryslân al op hast 65 prosint recycling. En dêrmei is ús provinsje lanlik koprinner. Underdiel fan de kampanje is ûnder oare oandacht foar de ôffalskieding op radio en televyzje en de ynset fan ôffalcoaches.